start philips jongerein designpriis 2010

Utnoeging foar dielname
Dit jier wurdt foar de fjirde kear de Philips Jongerein Designpriis 2010 útloofd. De priis biedt in poadium foar jong foarmjouwerstalint yn Fryslân fan 16 oant 26 jier, likegoed op 'e designrelatearre mbû- en hbû-opliedingen as binnen it ckv op vmbo, havo en vwo. It motto fvan 'e Philips Jongerein Designpriis is ‘Verzin een Ding!’ We sykje learlingen dy't mei dwaan wolle! - Oanmelde kin fanôf 1 juny oant 1 novimber 2010 fia dit formulier. Nei de oanmelding ûntfangst per brief of per mail de betingsten en it reglemint.
- De ûntwerpen kinne ynlevere of opstjoerd wurde fan moandei 29 novimber o/m tongersdei 2 desimber 2010. Keunstwurk is iepen fan 9.00 – 16.45 oere.
- De ynstjoerde ûntwerpen wurde yndield yn kategorieën nei leeftiid en oplieiding en sille beoardield wurde troch in deskundige sjuery. Hjirby wurdt tocht om orizjinaliteit, materiaalkar, kreativiteit, útwurking, motivaasje en prosesferslach.
De priisútrikking sil wêze yn jannewaris 2011. De winner krijt in Philips Flat Screen TV. De bêste ûntwerpen wurde tentoansteld. Lokaasje en tiidstip binne noch net bekend. Mear ynformaasje? Foar mear ynformaasje oer oanmelding en reglemint, sjoch hjir. Kontaktpersoan Keunstwurk: Geartsje de Vries/Margaretha Cats Telefoan: 058-2343434 Email: g.devries@keunstwurk.nl |