Professor Bergini

“Professor Bergini” is de artystenamme fan Ybe van Zandbergen (1898-1976) fan Grou. Rom fyftich jier wie hy in begrip yn Fryslân as gûchelder, illusjonist, búksprekker en poppekastspiler.  Fanôf 1938 is van Zandbergen begûn mei it opskriuwen fan syn libbensferhaal. Dat album is bewarre bleaun en it hat pakesizzer Anja Steegstra ynspirearre ta it skriuwen fan in foarstelling oer har “net sa gewoane pake”.  Ek as men Van Zandbergen net kind hat is it de muoite wurdich om mei Anja dizze libbensreis te meitsjen.

Dizze foarstelling wurdt spile op ferskate lokaasjes yn Fryslân.
Foar mear ynformaasje en kaartferkeap sjoch: www.professorbergini.nl