Menu
Mijn Keunstwurk

€ 400.000 subsydzje beskikber foar Frysk ûnderwiis, bygelyks kultueredukaasje

6 september 2021

Wolst sels in oplieding of mei dyn team in training folgje om mear mei it Frysk te dwaan, of wolst yn of bûten it lokaal mei de learlingen op aventoer? Freegje dyn kultuerferbiner wat KEK dy biede kin foar dizze subsydzje fan de provinsje Fryslân. De kontaktgegevens fan de kultuerferbiner yn dyn regio fynst ûnder oan dizze side.

Parseberjocht provinsje Fryslân:

€ 400.000 subsydzje beskikber foar Frysk ûnderwiis

Wil je deze tekst in het Nederlands lezen? Op de website van Taalplan Frysk vind je een vertaling.

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 13 septimber ôf wer in subsydzje oanfreegje foar it fersterkjen fan it Frysktalige ûnderwiis. Mei de regeling Frysk foar no en letter wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. Skoallen út alle ûnderwiissektoaren kinne in oanfraach dwaan. Der is û.o. subsydzje beskikber foar neiskoalling fan dosinten, it oanskaffen fan ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje. De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

In oanfraach yntsjinje kin fan 13 septimber 2021 oant en mei 14 desimber 2021. Der is yn dy perioade € 400.000 foar de skoallen beskikber. Alle ûnderwiissektoaren komme yn oanmerking foar subsydzje: berne-opfanglokaasjes, primêr en fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis. Yn 2022 sil de regeling wer twa kear iepensteld wurde.

De regeling Frysk foar no en letter jout skoallen de mooglikheid om te wurkjen oan de kwaliteit fan it Frysk ûnderwiis. De regeling is foar dizze twadde iepenstelling op in oantal punten oanpast. Sa is der no mear romte foar skoallen om in oanfraach te dwaan foar ynset fan learkrêften en dosinten. Deputearre Sietske Poepjes: “In protte skoallen binne al goed dwaande mei it Frysk. Us ambysje foar it Frysk yn it ûnderwiis yn 2030 freget ekstra ynset fan dosinten en skoallen. Dêr is no mear romte foar yn de subsydzjeregeling. Skoallen kinne, eventueel yn oerlis mei harren skoalstiper, in plan meitsje om te wurkjen oan de ambysjes foar Taalplan Frysk 2030. De regeling soarget foar ekstra middels om de plannen ek út te fieren.”

Subsydzjemooglikheden

In skoalle kin eltse iepenstellingstermyn ien oanfraach yntsjinje. De oanfraach kin bestean út mear as ien ûnderdiel fan de regeling. Bygelyks foar ekstra les- en lêsmateriaal, aktiviteiten dy’t te krijen ha mei de Fryske taal en kultuer en skoallingskosten foar learkrêften en dosinten. De ekstra ynset fan learkrêften en dosinten is bygelyks beskikber foar it ûntwikkeljen fan lesmateriaal, it organisearjen fan aktiviteiten foar lêsbefoardering of it netwurkjen mei oare skoallen. It maksimale subsydzjebedrach ferskilt nei ûnderwiissektor.

Gearwurking

It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set har dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Ûnderwiisburo Semko en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO).

Lês mear en besjoch de brosjuere mei foarbylden fan besteging fan de subsydzje op www.taalplan.frl/fryskfoarnoenletter.

Mear ynformaasje oer de regeling is te finen op www.fryslan.frl/fryskfoarnoenletter.

 

Contactpersoon
Jan Sietse HaarsmaCoördinator Cultuureducatie
Werkdagen:ma, di, do
Telefoon:058 234 34 99