Menu
Mijn Keunstwurk

Stjoer no dyn stik yn foar de Fedde & Martha Bergsma Priis

8 juli 2021

Ien kear yn de trije jier wurdt de Fedde & Martha Bergsma Priis takend oan de skriuwer fan de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst fan dy perioade. Dizze literêre priis is yn 1992 ynsteld troch de yn 2014 ferstoarne Ari van Tienhoven. Van Tienhoven hat yn it lêste jier fan de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt west by de famylje Bergsma yn Jellum. Fedde en Martha Bergsma wienen altiten warber mei toaniel en stienen oan de widze fan toanielploech Tryater.

Lês yn it ‘yn memoariam’ fan Ari van Tienhoven it hiele ferhaal.
De priisútrikking sil plakfine yn novimber 2021. Oan de priis is in jildbedrach ferbûn fan 1000 euro.

Prosedure

Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t skreaun binne tusken 2017 en 2021. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang. Net allinnich de skriuwers, ek ‘tredden’ kinne it wurk fan in toanielskriuwer ynstjoere. It wurk sil troch de sjuery besteande út: Bouke Oldenhof, de Tynje (winner fan de priis yn 2017), Gerrit Hoekstra, Winsum en Tsjerk Bottema, Ljouwert, beoardield wurde.

Ynstjoere

Skriuwers kinne harren toanielteksten dy’t skreaun binne tusken 2017 en 2021 digitaal ynleverje fia theater@keunstwurk.nl  o/m woansdei 1 septimber 2021. Maksimaal trije stikken per skriuwer.

Contactpersoon
Luuk EisemaAdviseur Theater
Werkdagen:di, wo, do
Telefoon:058 234 34 42