Menu
Mijn Keunstwurk

Utrikking Pyt van der Zee Priis

31 oktober 2017

Sietske Poepjes, deputearre fan Kultuer fan de provinsje Fryslân, sil de Pyt van der Zee Priis útrikke oan Berne Iepenloftspul Easterwierrum. De priisútrikking sil plakfine op tongersdei 2 novimber 2017

Tiid: 19.00 oere (ynrin fan 18.30 oere ôf)
Plak: Provinsjehûs, Twabaksmerke 52, Ljouwert

De Pyt van der Zee Priss wurdt troch de provinsje Fryslân ieris yn de trije jier útrikt oan in persoan as organisaasje dy’t yn de ôfrûne trije jier fan bûtengewoane betsjutting west hat foar it amateurtoaniel yn Fryslân.