Menu
Mijn Keunstwurk

Finale SjONG junior

freed 10 juny

SjONG junior (earder Sjongfestival foar Bern) is in twajierliks Frysk sjongfestival foar basisskoallen. En dat net allinne… It is ien grut muzikaal avontuer foar groep (6,) 7 en/of 8!

SjONG junior wurdt elk even jier organisearre troch Cedin, Afûk, Omrop Fryslân en Keunstwurk.

Skoallen krije tips en trúks oer koarsang en sjong mei de groep sa moai mooglik in Frysk of meartalich liet. De finaleskoallen skriuwe mei de hiele klasse ûnder begelieding fan Raynaud Ritsma en oare muzykprofessionals in eigen (skoal)liet. Dêrby wurde se folge troch de kamera’s fan Omrop Fryslân Tsjil. Ferfolgens skitterje se mei dat eigen liet yn de grutte finale-show yn De Lawei op 10 juny 2022. Wa wurdt de winner fan SjONG junior?

Contactpersoon
Detsje IJkemaJunior Creatief Producent
Werkdagen:ma.-do. ochtend
Telefoon:058 - 2343404