Menu
Mijn Keunstwurk

Finale SjONG

zaterdag 17 juni 2023

SjONG is it twajierliks Frysktalich sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier.

Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand popnûmer, folgje workshops fan professionele muzikanten/tekstskriuwers en dogge audysje. Dat kin as band, duo, solist of betink it mar. Se begeliede harsels of sjonge op in karaokebân. De bêste dielnimmers fan de foarrondes geane troch nei de grutte finale op 17 juny 2023 yn Neushoorn.

SjONG wurdt elk ûneven jier organisearre troch Cedin, mei help fan Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân. Yn de oare jierren is der SjONG junior, foar de heechste groepen fan de basisskoallen yn Fryslân. SjONG is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030.

Contactpersoon
Jan Sietse HaarsmaCoördinator Cultuureducatie en Amateurkunst
Werkdagen:ma, di, do
Telefoon:058 234 34 99