Elts jier hâlde Keunstwurk, Iepen DoEk en de bestjoeren fan alle Iepenloftspullen yn Fryslân in netwurkgearkomste by de start fan it nije Iepenloftspulseizoen.
Op dizze jûn diele wy mei-inoar ús plannen, netwurkje wy, gean we op syk nei ferbining en ynspiraasje. Dit is foar Iepenloftspul-bestjoeren dy’t sawol dit jier net spylje, wol spylje, neitinke oer in Iepenloftspul ensfh. De krêft sit him deryn dat alle ferskate – jonge en âlde – Iepenloftspullen byinoar binne en de ferbining mei-inoar sykje en ‘tsjillen’ mei-inoar diele.
De earstkommende gearkomste fan de iepenloftspullen sil dit jier plakfine op woansdei 11 jannewaris 2023 by it iepenloftspul Spannum dat dit jier Wat bisto leaflik!? spylje sil.
Ek út namme fan harren: wês wolkom op woansdeitejûn 11 jannewaris 2023 te Spannum!
Doarpshûs Us Gebou: Tsjerkebuorren 12-A, 8843 KE Spannum
Wolst dy opjaan as (nij)iepenloftspul-bestjoer? Stjoer dan in mail nei cultuurverbinder Romke Gabe Draaijer; r.draaijer@keunstwurk.nl en beäntwurdzje yn alle gefallen de folgjende fragen:
A: Fan watfoar Iepenloftspul jimme binne?
B: Mei hoefolle persoanen jimme komme?
C: Oft jimme meiite of dat jimme letter oanslute fan 19:00 ôf?
D: En oft der dieetwinsken binne?
Wês wolkom en oant sjen yn Spannum!