Menu
Mijn Keunstwurk

Romke Gabe Draaijer

Cultuurverbinder Theater & Dans

Maak kennis met Romke Gabe

Ik stean – tegearre mei Eline en Theo – njonken jimme yn it wurkfjild. As makker, spiler en no as ‘Kultuerferbiner Teater & Dûns’. Mar wat is die lêtste? Ik sjoch dizze taak as tiid om tegearre mei jimme specifieker te wurkjen oan it fundamint en it ûntwikkeljen fan amateurtoaniel en dûns yn Fryslân.

Yn alle funksjes sil ik jimme opsykje (en jimme mei hooplik), mar ek ‘fier fuort’ fan jimme wol ik dêr wêze; lústerje nei jimme ferhalen, soargen, fragen en boppeslagen om dernei tegearre aksje te ûndernimmen. Fia tillefoan, as mail. Mar leaver meitsje ik live kennis mei jimme yn it fjild!

Hoe kinne wy tegearre in folgjende stap sette yn it Fryske – meartallige – amateurfjild? Ik sjoch dernei út om jimme te moetsjen en de ferhalen te hearren. De learzen oan!

Initiatieven

Algemeen

E-mail:
Telefoon:
Werkdagen:wisselend
Afdeling:Amateurkunst
Volg Romke Gabe: