Myn namme is Eline de Vries, ik bin 26 jier en opgroeid yn it lytse doarpke Westergeast. Oait as lyts famke start binnen it amateurfjild, dernei fia de Jeutdteaterskoalle ‘n Meeuw telâne kommen op de study Dosint Teater oan de NHL en no mei in soad wille wurksem binnen it kulturele wurkfjild fan Fryslân. Neist myn wurk foar Keunstwurk wurkje ik as aktrice/teatermakker foar û.o. Tryater, it (amateur) teaterfjild en betink ik eigen foarstellingen en projekten.
Mei myn linkerskonk yn it fjild en rjochter yn it makkerslânskip hoopje ik tegearre mei myn kollega’s de juste ferbiningen lizze te kinnen tusken it fjild en professionals. As kultuerferbiner stap ik mei in nijksjirrige iepen blik it Fryske kulturele fjild yn. Tegearre lûke wy de leazens oan en dûke wy it fjild yn. Troch te pionieren, te befreegjen en te lústerjen hoopje ik it fjild fierder op wei te bringen. Op dizze wize wol ik in bydrage leverje oan in ‘futureproof’ kultureel klimaat yn Fryslân, wêrby jong en âld de kâns krijt om kunstsinnich te explorearjen. Ik hoopje my ferrasse te litten en de ferinigingen/initiatieven in stap fierder opwei te helpen mei û.o it berikken fan publyk en mooglike nije kânsen.
Mail as belje my, en wa wit treffe wy inoar gau!