As lyts jonkje stie ik letterlik tusken de skodoarren te sjen hoe’t der by ús thús troch de pleatslike toanielferiening repetearre waard. In fassinearjende wrâld dy ’t my noait mear loslitten hat. Dit woe ik ek! Ik bin dan ek yn ‘e lokkige omstannichheid west om dêr úteinlik myn berop fan te meitsjen. As spiler, regisseur en produsint bin ik no al mear as fyftjin jier wurksum yn it Fryske teäterfjild. En sûnt 2021 mei ik dêr fanút Keunstwurk de funksje ‘Kultuerferbiner Teäter’ oan taheakje.
En it teäter libbet yn Fryslân! Der is gjin provinsje dêr ’t safolle Amateurkeunst bedreaun wurdt as yn Fryslân. Wy Friezen binne grutsk op ús taal en kultuer en drage dat ek graach út. Ik ek. Myn hert leit by it amateurtoaniel en ik bin dan ek tige grutsk dat ik dêr as kultuerferbiner myn stientsje oan bydrage mei.
Us doel is it stypjen fan it kulturele fjild yn Fryslân en it takomstbestendich te meitsjen. Tegearre mei de oare kultuerferbiners binne we der foar jimme, yn it fjild. Foar fragen, foar advys en mei in ferskaat oan aktiviteiten op foar mêd dan ek. Om mei jimme te bewarjen wat west hat, om der te wêzen wat spilet, en om te meitsjen wat komt.
Ik sjoch der nei út om jimme te moetsjen!
E-mail: | |
Telefoon: | 058 2343434 |
Werkdagen: | di, wo |
Afdeling: | Amateurkunst |
Volg Theo: |