Menu
Mijn Keunstwurk

Nieuwe bestuursleden IEPEN DoEK

Galerij
Tineke Hemminga
Titia Huisman
Piter Zwart

Tineke Hemminga
Ik bin Tineke Hemminga. Yn 2013 ha ik de kursus ta Karmaster folge. De jierren dernei mocht ik in soad toanielfoarstellings sjen. Genoaten ha ik fan al it entûsjasme en de enerzjy dy ’t  fan it toaniel ôf spat. Fan de spilers, regisseurs, dekôr bouwers, kostúm makkers, grimeurs, technisy  en oare frijwilligers dy ’t nedich binne om in stik op de planken del te setten. Graach wol ik myn stientsje bydrage om dizze tradysje foar Fryslân te behâlden.

Titia Huisman
Myn namme is Titia Huisman, ik wenje yn Skearnegoutum, en ik bin fan 1960. Sûnt myn sechtjinde jier bin ik altyd dwaande mei toaniel en teater.  Yn allerhande stikken en rollen, letterlik en figuerlik. Sûnt 2020 haw ik ek de rol fan direkteur fan teater de Koarnbeurs yn Frjentsjer. Ien fan de dingen wer wy as teater ús sterk foar meitsje is de bân dy’t wy hawwe mei amateur keunst. Oft it no muzyk is, as dûns as toaniel is. Ik tink dat amateurkeunst wichtich is en dat gearwurking tusken amateurs en professionals beide omheech tille kin. Yn de njoggen jier dat ik bestjoerslid fan it Prins Bernard Kultuerfûns Fryslân wie, haw ik mij der ek altyd sterk foar makke. Ik haw my beskikber stelt foar it bestjoer fan Iepen Doek omdat ik tink dat der mooglikheden binne om it amateurtoaniel fierder te bringen yn har rol as ferbiner fan de mienskip, lyk as sport dat ek wêze kin. Ek fyn ik it hiel leuk en wichtich om jongerein te stypjen ta meidwaan. Ik bin praktysk ynsteld, mar ek went om kreatyf te wezen as it giet om mooglikheden, kânsen en útdagings. Ik bin net fan lange fergaderingen, mar wol fan de wil om foarút te gean, de nocht om wat nijs te besykjen en foaral bin ik fan de grutte leafde dy’t ik foar it teater fiel.

Piter Zwart
Op ‘e middelbere skoalle is myn passy foar toaniel begûn. Myn earste rol wie yn de Warenar ûnder regy fan Joop Sprock. Dêrnei makken we sels teater mei eigen skreaune sketskes en lieten. Spitigernôch lieten se my op de toanielskoalle net ta, dus dan mar yn it amateurfjild. Earst as spiler – op myn 18e in moaie rol yn it iepenloft fan Menaam ûnder regy fan Pyt van der Zee- en ek al gau as regisseur. Fanwege myn wurk koe ik de regyoplieding net ôfmeitsje en ha ik hiel lang
net spile en/of regissearre. Doe’t yn myn wenplak Snakkerbuorren it Iepenloftspul op gong kaam spile myn frou al gau mei en ha ik earst yn de bouploech sitten. Mar it kribele by my sels ek, dat yn 2013 hie ik in miniroltsje, yn 2015 al in wat gruttere rol en yn 2016 spile ik in moaie grutte rol as de bodygard yn Don Juan. Sûnt 2019 sit ik ek yn it bestjoer fan Iepenloftspul Snakkerbuorren en bin ik ferantwurdlik foar it artistike belied. Sûnt 5 jier bin ik teamleider Orkestzaken by it Noord Nederlands Orkest. Dêrfoar ha ik 23 jier yn ferskate funksjes by Omrop Fryslân wurke. Ik bin 58 jier, troud en ha twa bern. Ik wol my graach ynsette foar de Fryske amateurtoanielwrâld. Unyk yn Nederlân, mar net fanselssprekkend. Om de wille fan it spyljen en organisearjen ek foar de nije generaasjes mooglik te meitsjen, moatte we goed sjen wat de takomst freget. Leare fan mekoar, lústerje nei mekoar en mekoar stypje en de ferbining sykje mei oare partijen is myn ynstek. Mar ik hear ek graach wat jim fisy op de takomst fan it Fryske amateurtoaniel is.