Menu
Mijn Keunstwurk

100 jier Staf: DE FOARSTELLING

17 oktober 2019

‘De Foarstelling’ is de jubileum foarstelling fan de 100 jierrige STichting Amateur Toaniel Fryslân. It is in bûnt selsportret fan it Fryske amateurtoaniel yn al har fasetten, mei spilers en muzikanten rûnom út Fryslân.

Fia dizze link krigest alfêst in foarpriuwke fan ‘De Foarstelling’.
Foar elk dy’t wol ris meidien hat oan in útfiering, hylarysk werkenber, foar elk dernjonken dé kâns om te sjen hoe’t it der al 100 jier om en ta giet yn it Fryske amateurtoaniel.

Op freed 1 novimber is de premiêre fan ‘De Foarstelling’ yn it Posthûs op It Hearrefean, dêrnei is it noch op 5 oare plakken yn Fryslân te sjen.

It sekretariaat fan STAF wurdt útfierd troch Keunstwurk

Contactpersoon
Aafje StolteMedewerker Cultuurparticipatie
Werkdagen:di, wo, do
Telefoon:058 234 34 49