Ien kear yn de fiif jier wurdt de Fedde & Martha Bergsma Priis takend oan de skriuwer fan de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst fan dy perioade. Dizze literêre priis is yn 1993 ynsteld troch in man dy’t in de oarloch ûnderdûkt west hat by de famylje Bergsma út Bears. De Bergsma’s wienen altiten warber mei toaniel en stienen oan de widze fan toanielploech Tryater.
De priisútrikking sil plakfine op tongersdei 2 novimber 2017. Oan de priis is in jildbedrach ferbûn fan € 1000,-. Skriuwers kinne harren toanielteksten dy’t skreaun binne tusken 2013 en 2017 yn trije eksimplaren (op papier) ynleverje oant 1 july 2017.
It adres is:
Keunstwurk
t.a.f. Geartsje de Vries / Bergsma Priis
Postbus 1288
8900 CG Ljouwert
Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t skreaun binne tusken 2013 en 2017. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang. Net allinnich de skriuwers, ek ‘tredden’ kinne it wurk fan in toanielskriuwer ynstjoere. It wurk sil troch in sjuery fan saakkundigen beoardield wurde.
Mear ynformaasje kinne jo krije by de adviseur fan Keunstwurk, Luuk Eisema (til. 058-2343442, l.eisema@keunstwurk.nl).