Menu
Mijn Keunstwurk

Finalisten SjONG junior 2022 bekend

28 maart 2022

De finalisten fan de earste edysje fan SjONG junior binne bekend. In soad skoallen rûnom yn Fryslân folgen de ôfrûne wiken de kant en kleare muzykles en hawwe harren audysje mei in Frysk ferske ynstjoerd. Fan dy skoallen krije no acht de kâns om yn it programma SjONG junior in eigen hit te skriuwen. Mei dat ferske nimme se it yn de finale tsjininoar op.

Oan ‘e hân fan in kant en kleare Fryske muzykles koenen basiskoallen de ôfrûne wiken meidwaan oan SjONG junior. De muzykles kin, noch hieltyd, los dien wurde, mar it resultaat koe ek ynstjoerd wurde as audysje. De acht skoallen dy’t har no pleatst hawwe meie ûnder lieding fan Raynaud Ritsma en oare profesjonele muzikanten in eigen liet meitsje. Dat proses wurdt registrearre troch Omrop Fryslân Tsjil en is te sjen yn de searje dy’t fan april ôf te folgjen is. De ûndersteande acht skoallen dûke de kommende perioade de studio yn om harren eigen hit te skriuwen:

De Bining – Westergeest
De Brêge – Skarsterbrêge
Ds. Hasperskoalle – Akkrum
De Mienskip – Bûtenpost
De Pionier – Dokkum
Staetslânskoalle – Tsjom
De Tarissing – Aldehaske
De Twiner – St. Jabik

De finale, dy’t plak fynt op freed 10 juny yn De Lawei yn Drachten, wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma. De sjuery fan de finale bestiet ûnder oare út sjonglearares Simone de Witte en dirigint Theo Brouwer. It tredde sjuerylid bliuwt noch efkes in ferrassing.

 

SjONG en SjONG junior

SjONG junior hjitte earder Sjongfestival en wie it sjongfestival foar Fryske basisskoallen. Dat is it noch hieltyd, mar it is útwreide mei in muzykles, professionele help fan muzikanten en programma’s. It hjit no SjONG junior. SjONG, de sjong contest foar fuortset ûnderwiis, en Sjongfestival slane dus de hannen yn ien. Dit jier fynt SjONG junior plak, takom jier SjONG.

 

Meispelen op 20 maaie

Op freed 20 maaie organisearret Méér Muziek in de Klas lokaal Fryslân foar de earste kear de Meispelen: de jierlikse provinsjale kultuerdei wêrop’t skoallen en learlingen inoar sjen litte wat kultuer op de basisskoalle betsjut. Dit jier stean muzyk en meartaligens sintraal mei Us liet mei in ferhaal.

Docht dyn skoalle mei oan de muzykles fan SjONG of meitsje jimme in eigen liet? Lit it ek sjen by de Meispelen op freed 20 maaie op dyn eigen skoalle, meld jim oan op www.meermuziekindeklas.frl/meispelen!

 

SjONG junior is in inisjatyf fan Afûk, Keunstwurk, Cedin en Omrop Fryslân. It wurdt útfierd ûnder de paraplu fan Taalplan Frysk en Méér Muziek in de Klas. Mear ynformaasje is te finen op www.sjong.frl.

Contactpersoon
Thijs OudAdviseur Impuls Muziekonderwijs
Werkdagen:wo, do, vr
Telefoon:058 234 34 61