Menu
Mijn Keunstwurk

Utrikking Fryske teäterprizen in feestlike moeting

21 maart 2022

Dan wie it dochs einliks mooglik, de útrikking fan de Fryske teäterprizen mei publyk! Op freed 18 maart mochten de minsken genietsje fan in folslein programma mei filmkes, taspraken, tankwurden en in knallende bydrage fan Broken Brass. In feestoarkest dat de sfear der fan mjit ôf oan ynbrocht. Sa 'n 120 entûsjaste oanwêzigen harken fol omtinken nei de sjueryrapporten foarlêzen troch sjueryfoarsitters Gerrit Hoekstra en Pieter Zwart.

Wybo Smids ûntfong de Pyt van der Zee Priis foar syn stimulearjende wurk foar it Fryske amateurteäter yn de lêste 3 jier. Dizze digitale foarmjouwer, filmer, akteur makket him ek fertsjinstlik as foarsitter fan ferskate ferieningen.

Freark Smink ûntfong de Fedde en Martha Bergsma Priis foar it stik ‘Wat Soesto’ foar it bêste orizjineel frysktalige stik fan de lêste 3 jier. Dit stik, produsearre troch Pier 21, spilet noch yn de teäters.

Al mei al in feestlike moeting, dy ’t einlings libbensliif fierd wurde koe.