Menu
Mijn Keunstwurk

It stik ‘Wat Soesto’ fan Freark Smink winner Fedde & Martha Bergsma Priis 2021

7 december 2021

Yn it rapport neamt de sjuery spesifyk de hege kwaliteit fan de 37 ynstjoerde stikken, in rekord oantal! Der wienen in fiiftal stikken nominearre, nammentlik: ‘Ferlies yn Lockdown’ fan Tet Rozendal, ‘Griener Gers’ fan Anja Steegstra, ‘Oera Linda de mjoesikul’ fan Hans Brans, ‘Raze om protters’ fan Eelco Venema en ‘Wat Soesto’ fan Freark Smink. De sjuery hat, nei trije omgongen en hoeden en sekuer beried, keazen foar ‘Wat soesto’ fan Freark Smink.

Oer de priis

Ien kear yn de trije jier wurdt de Fedde & Martha Bergsma Priis takend oan de skriuwer fan de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst fan dy perioade. Dizze literêre priis is yn 1992 ynsteld troch de yn 2014 ferstoarne Ari van Tienhoven en bestiet neist in oarkonde út in jildbedrach fan 1000 euro. Van Tienhoven hat yn it lêste jier fan de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt west by de famylje Bergsma yn Jellum. Fedde en Martha Bergsma wienen altiten warber mei toaniel en stienen oan de widze fan toanielploech Tryater. Foargeande winners fan de priis binne ûnder oaren Rients Gratema, Romke Toering en Bouke Oldenhof.

Sjuery

De sjuery bestie út: Bouke Oldenhof, Gerrit Hoekstra en Tsjerk Bottema.

Utrikking

De útrikking fan de priis soe wêze yn desimber tagelyk mei dy fan de Pyt v/d Zee priis (de priis foar de persoan of organisaasje dy’t it meast betsjut hat foar it teäter yn Fryslân de ôfrûne trije jier). Yn ferbân mei de hjoeddeiske omstannichheden is de útrikking fan beide prizen útsteld nei begjin maart 2022.

Contactpersoon
Luuk EisemaAdviseur Theater, Studieleider Regieopleiding
Werkdagen:di
Telefoon:058 234 34 42