Menu
Mijn Keunstwurk

Oankundiging útrikken teaterprizen 2021

24 februari 2022

Op freed 18 maart sille de Fryske teaterprizen 2021 útrikt wurde yn De Harmonie yn Ljouwert. De provinsjale Pyt v/d Zeepriis wurdt om ‘e 3 jier útrikt oan in persoan, groep of organisaasje dy’t foar it toaniel yn Fryslân fan bûtengewoane betsjutting west hat. De Fedde & Martha Bersmapriis wurdt ek op dizze dei útrikt. Dizze priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt oan de skriuwer fan de bêste oarspronklike Fryske toanieltekst fan dy perioade.

Pyt van der Zee Priis
Ut namme fan de Provinsje sil deputearre Sietske Poepjes de Pyt v/d Zee priis útrikke út namme fan de Provinsje. De sjuery foar dizze priis wienen Baukje Hiemstra, Immie Jonkman en Piter Zwart, sy binne mei harren trijen ta in ienriedich beslút kommen wa’t it measte rjocht op dizze priis hat.

Fedde & Martha Bergsmapriis
Bouke Oldenhof, Gerrit Hoekstra en Tsjerk Bottema ha as sjuery 37 stikken lêzen foar de Fedde & Martha Bergsmapriis, sy priizgje it hege nivo fan de ynstjoerings. Nei trije omgongen ha sy keazen foar ‘Wat soesto’ fan Freark Smink. Janneke Bergsma sil út namme fan it bestjoer dizze priis útrikke.

Beide prizen besteane út in jildbedrach en oarkonde. De útrikking fynt plak yn besletten selskip.

Contactpersoon
Luuk EisemaAdviseur Theater, Studieleider Regieopleiding
Werkdagen:di
Telefoon:058 234 34 42