Menu
Mijn Keunstwurk

Tûzen Triennen syket dirigent

Muziek Vraag
Contactpersoon
Wikje De Vries
Telefoonnummer
06-52205919
E-mail
wikjedevries@gmail.com

13 oktober 2022

Koar Dirigent(e) soch
Us dirigente Marijke Rodenburg giet ús nei 13 jier spitigernôch ferlitten.
No binne wy as “Tûzen Triennen” froulje wol wat went. We wurde wol faker ferlitten, mar herpakken ússels altijd wer. Jim hawwe ús de afrûne 25 jier fêst wolris sjongen heard earne yn Fryslân, oer alle emoasjes fan it libben.
Wy sykje in nije: MUSIKALE man/frou. Ynspirearjend en kreatyf.
Affiniteit mei de Fryske taal en kultuer.
Gefoel foar theater.
Mei faasje en humor.
Immen die’t ús koar Tûzen Triennen út Britsum en fiere omkriten yn ‘e stringen hâlde kin en mei ús nije wegen ynslaan wol, want gong is alles.
Tseard Nauta en Joop Stulp binne ús musikanten en dêr binne we tige grutsk op.

Foar fragen ensfh skilje of doch in berjochtsje nei wikjedevries@gmail.com til: 0652205919
We repetearje op woansdei, 20.00-22.00 oere
Fanâf: 17 jannewaris 2023